9-18 juni 2017

Atelier Oerol

close

Wy hawwe it al earder sein: Oerol jout in soad romte foar eksperiminten. Us besikers binne ek nijsgjirrich nei alles wat ûnbekend is en steane iepen foar it noch rûge en kwetsbere materiaal. Better sein: sy genietsje dêr fan en koesterje it. Dat is krekt wat talint, de nije generaasje teatermakkers, brûke kin om har te ûntwikkeljen. Sûnt lange tiid begeliedt Atelier Oerol jonge keunstners yn in trajekt fan mear as ien jier. Us besikers nimme wy graach mei yn dit trajekt. Dêrom kinst op it festival alle stadia fan dizze artysten meikrije: fan it ûndersyk dat se dogge foar harren stik, oant de ûntwikkeling ta in foalweardige foarstelling op Oerol.

Twa festivals ynvestearje TEGEARRE yn talint

Oerol en Over het IJ Festival hawwe sûnt 2012 in gearwurking yn Atelier Oerol/Over het IJ Festival. Us trajekten mei jonge teatermakkers foegje wy by inoar en wy ynvestearje artistyk en finansjeel yn deselde groep bejeftige makkers. Troch dizze krêftige gearwurking krije makkers de kâns harren te mjitten mei de folslein ferskate lânskippen fan Skylge en Amsterdam-Noard/NDSM-werf.

Troch dizze gearhing kinne jonge teatermakkers/keunstners, yn it OPMAAT-trajekt dat wy oanbiede, har ûntwikkelje yn lokaasjeteater en lânskipskeunst. Talinten dy’t noch yn ‘e faze tusken in ôfrûne oplieding en it wurkfjild ferkearje, wurkje oan harren fisy op lokaasjeteater troch moetings en workshops. Ek sintraal stiet de teatrale ûndersykpresintaasje dy’tst dit jier sjen kinst op beide festivals. Dat bart yn in OPMAAT-rûte mei alle presintaasjes fan alle makkers.

Nieuwe lichting deelnemers met hun begeleiders Sabine Pater en Simone Hogendijk

Start fan it OPMAAT-trajekt fan Atelier Oerol/Over het IJ 2013/2014

Novimber 2013 gong it OPMAAT-jier fan Atelier Oerol/Over het IJ Festival fan start mei in yntinsyf programma op Skylge en op ‘e NDSM-werf yn Amsterdam. Seis teatermakkers kamen yn ‘e kunde mei inoar, mei it eilân, de eilanners, de NDSM-werf en harren ‘bewenners’, mei lokaasjeteater yn it algemien en mei de ferskate manieren fan wurkje op lokaasje. Dizze wike stie it wurkjen yn en op ferskate lokaasjes, lânskippen en streken (neist in natuerlike ek in stedske streek) sintraal. Dat sil ek it kommende healjier it gefal wêze. It doel wie ek it dielen fan en hifkjen nei de earste ideeën en it ûndersykjen fan ‘e lokaasje mei inoar, en úteinlik mei in earste lyts publyk fan ûnder oare stipers fan Fonds Atelier Oerol.

Ferskate gasten út de teaterwrâld, of dêrbûten, gongen yn petear of oan it wurk mei de makkers. Under oaren: Tjisse van der Heide (maritym ekolooch), Andre Dekker (byldzjend keunstner fan Observatorium), Sharon Friedman (koreograaf), Elmo Vermeijs (100% Terschelling en byldzjend keunstner), Maurice Bogaert (byldzjend keunster en artistyk begelieder fan it Atelier), Gienke Deuten (teatermakker) en Luc van Loo (teatermakker by tg Space).

De jonge makkers komme regelmjittich wer werom op it eilân en op ‘e NDSM-werf foar wurksessys en ynspiraasjedagen. Uteinlik wurkje se fan ein maaie ôf oan in teatrale presintaasje fan harren ûndersyk yn ‘e OPMAAT-rûte by Oerol en Over het IJ Festival.

Hjir kinst yn ‘e kunde komme mei de dielnimmers fan Atelier Oerol.