9-18 juni 2017

Festivalterreinen

close

It festivalhert: Westerkeyn

It festivalhert de Westerkeyn leit sintraal op it eilân oan ‘e eastkant fan Midsland. Kenst it dêr noch net? Folgje dan gewoan de stream fytsers dy’t healwei it eilân nei links gean, de greide yn. Dêrefter leit it festivalterrein. Binne der gjin fytsers? Gjin noed. Oeral wurdt oanjûn wêr’t wat leit. Oanwiisbuordsjes is sis mar ús ‘middle name’.

De Westerkeyn is eins in ôfspegeling fan alles wat it festival dy biede kin. Dêrom is dit wol in hearlik plak om in skoftke te bliuwen. Hjir binne allerhande muzykkonserten, stomende dj-sets en ferskate akts, preview-optredens, ‘do-it-yourself’-workshops en hjir kinst ek eftergrûnynformaasje fine oer de makkers en harren foarstellings yn petearen en kolleezjes. Op dit plak kinst mei in kopke kofje of in bierke en wat tapas lekker genietsje fan alles wat der foarby komt op ‘e Westerkeyn.

Us festivalhert is tagelyk it plak om dyn kaarten te keapjen, hjir fynst alle ynformaasje oer tiden, feroarings fan it programma en dit is it plak om by de lastminute-kassa yn in ympuls in moaie foarstelling te boeken. By it ‘help-mij-kiezen-loket’ kinst goed trochtocht in kar meitsje. Hast wol troch: hjir moatst wêze!

Wy sjogge dy graach.