9-18 juni 2017

Gearwurkings

close

Om der wis fan te wêzen dat nasjonale en ynternasjonale talinten op Oerol altyd wer lytse en grutte nije produksjes op lokaasje meitsje kinne en harren publyk berikke kinne, is it saak dat we gearwurkje mei partners.

IN SITU

In wichtich Europeesk festivalnetwurk dêr’t Oerol yn partisipearret is IN SITU.  Dit netwurk stimulearret de ûntwikkeling fan nije foarmen fan teater en keunst yn ‘e iepenbiere romte. Oerol is ien fan ‘e njoggen kearnleden, neist noch in groep fan trettjin lytsere ko-organisators. It netwurk bestrykt njoggentjin lannen yn Europa. De kommende jierren sil de útwikseling fan keunstners en projekten fierder groeie.

Mei IN SITU wiene wy ko-produsint fan dizze produksjes op Oerol 2013:

  • Lotte van den Berg/ – Building Conversatio
  • Claire Croize / Action Scenique – Primitive
  • Zweintopf – noneventeventmonuments IX
  • Zimmerfrei – Hometown I Mutonia

Thor McIntyre-Burnie  / Aswarm – The Speakers

Marseille-Provence Kulturele Haadstêd 2013

Ek mei Kulturele Haadstêd 2013 Marseille-Provence hawwe wy de fokus lein op it lânskip as mienskiplike ynteresse, allinnich al omdat ús lânskip in soad oerienkomt. Resinte Oerol-produksjes fan Karl van Welden, de Waterlanders, Tricyclique Dol, Nick Steur en het Observatorium, gongen nei Marseille-Provence.

Yn dit ramt is der ek in útwikselingprojekt tusken it Europeeske opliedingsynstitút FAI-AR út Marseille en Oerol. Yn 2013 hawwe Frânske en Nederlânske dielnimmers de ûntwikkeling fan publike romtes ûndersocht, op lokaasje yn Vitrolles (Súd-Frankryk) en op Skylge.