Organisaasje Oerol

close
©De Terschellinger - Meiwurkers Oerol 2017

Meiwurkers Oerol

Organisaasje

Oerol hat in fêst kearnteam fan tsien (dieltiid-) meiwurkers. Mei dit team wurkje we oan de programmearing fan it folgjende festival, it regeljen fan lokaasjebesites fan teatermakkers, it yntsjinjen fan subsydzjeoanfragen, it regeljen fan fergunnings ensafh.

Fan ein maart ôf oant heal juny wurdt ús team oanfolle mei ferskate tydlike meiwurkers en stazjêres. Dan sette likernôch fyftich ‘simmermeiwurkers’ foet oan wâl op de haven fan Skylge. Sy binne ús ekstra hannen dy’t de spyllokaasjes yn oarder meitsje, de festivalterreinen ynrjochtsje, de catering op poaten sette, foar de nedige technyk soargje, ferfier en ûnderdak regelje en de kommunikaasje útsette.

 Frijwilligers

De lêste en grutste groep binne de rom 1000 entûsjaste frijwilligers dy’t ús helpe mei it meitsjen fan de weiwizers, it op- en ôfbouwen fan de spyllokaasjes en de festivalterreinen, het rûnriden fan gasten, it skuorren fan de kaartsjes, taapjen fan bierkes ensafuorthinne. Unmisber en fan ûnskatbere wearde!

Meiwurkers Oerol 2018: 

Joop Mulder creatief directeur/oprichter, Marelie van Rongen algemeen directeur, Kees Lesuis artistiek leider festival, Mirjam Hartlief controller & hoofd personeelszaken en dagelijkse leiding festival, Ada Plinck hoofd productie en dagelijkse leiding festival, Sandra Bergsma, hoofd marketing en communicatie, Sabine Pater zakelijk en artistiek medewerker, Charlotte Verhoef zakelijk en artistiek medewerker, coördinator professionals (interim), Marin de Boer creatief producent expeditieprojecten, Bernard Bemboom marketing, communicatie en secretariaat, Enny Breukel medewerker administratieBodil Swart medewerker administratie en directie assistentie, Roos Ticheler fondsenwerving, Afke Nel Smit medewerker secretariaat, Sietze Hamstra medewerker Vrienden van Oerol.