9-18 juni 2017

Sense of Place

close

Nije ûntwikkelings

Sûnt lange tiid wurket Oerol as lokaasjeteaterfestival op ‘e skieding tusken kultuer en natuer; teater as in laach fan ferbylding oer it lânskip. Elk jier feroaret it lânskip tydlik troch foarstellings, byldzjende projekten en muzykoptredens. Mar mear en mear is Oerol it plak foar ûntwikkeling fan artistike projekten dy’t in langere tiid in dialooch mei it lânskip oangean. It binne yngrepen en tafoegings yn it lânskip dy’t langer bestean bliuwe en dy’t, wannear’t it festival dien is, net mei de boat nei hûs ta gean. Ast witte wolst hoe’t wy dizze laboratoariumfunksje dit jier en de kommende jierren foarm jouwe, lês dan fierder.

Groene Strand en Noordsvaarder as toankeamer

Oerol wol it festival graach ynsette als laboratoarium foar grutte lânskipsprojekten. Dat freget om romte en kontekst. It unike dekôr fan it Groene Strand en de Noordsvaarder is as kreamkeamer fan ‘e Waadsee by útstek geskikt om eksperiminten yn ferskate stadia te toanen.

We jouwe dizze nije line foar de takomst fan Oerol in prominint plak. Do kinst de ûntwikkelings yn dizze ‘toankeamer’ dus ek op ‘e foet folgje. Dit jier, 2014, is it earste laboratoariumjier wêryn’t wy ús stappen dy’t we bûten it festival om meitsje, mei dy diele.  Wadland op ‘e Noordsvaarder (in ko-produksje fan Oerol en SLeM) is in machtich foarbyld dêrfan. Ek it Klooster fan Rieks Swarte sil yn ‘e kommende jierren op deselde wize as Wadland útgroeie. Lwd2018 lit op it Groene Strand mei in prachtige eksposysje sjen hoe’t Sence of Place ferweve is yn ‘e plannen foar de takomst.

Dizze eksposysje en de tydlike ‘tsjerke’ dêr’t it Café Leeuwarden 2018 plak yn hat, kinst al fan  de boat ôf sjen. Dit is in prachtplak om in skoftke te wêzen. De ferskillende lagen yn ‘e oanpak fan Sence of Place, soargje derfoar dat it in boarne fan ynspiraasje is foar teatermakkers en keunstners. Harren foarstelling, performance of ynstallaasje ferhâldt him ta it plak dêr’t  it foar makke is. Somtiden is dat in proses en tarieding fan jierren, bygelyks de lânskipsopera fan Strijbos & Van Rijswijk en de Human Landscape fan Sharon Fridman. Krekt rûnom de toankeamer fynst wurk fan ‘e makkers Lotte van den Berg en Daan ‘t Sas en Spinvis en Saartje van Camp. 

Ek de Passage hat om deselde reden hjir in plak: in sitynstallaasje mei in nije komposysje dêr’tst it eilân yn ûntdekke kinst. De toankeamer op ‘e Noordsvaarder en it Groene Strand: in rêstpunt, in plak dat ynspiraasje jout, mis it net, unike mominten yn it Unesco Werelderfgoedgebied: it Waad.