9-18 juni 2017

Stypje Oerol!

close

In grut festival as Oerol hat ferskate boarnen fan ynkomsten. Dêrmei kinne wy elk jier wer fernijende foarstellings en ynstallaasjes yn it lânskip mooglik meitsje. It is moai dat we hjir fan alle kanten yn stipe wurde. Foaral troch ús besikers dy’t Freon, stiper fan Fonds Atelier Oerol, of lid fan ‘e Ondernemersclub binne. Of, troch minsken dy’t ús foar ien kear stypje.

Yn tiden dêr’t de stipe fan oerheden en fûnsen yn werom rint, is dizze foarm fan stipe net allinnich hertferwaarmjend, mar ek hurd nedich. Dêrom hoopje wy dat wy jimme stipe ûntfangen bliuwe meie.  Wolsto witte hoe? Sjoch dan op ‘e folgjende siden wat der allegear mooglik is!