Wat is Oerol?

close

Oerol, in fenomeen!

It Skylger Oerol festival stiet bekend as ien fan ‘e meast bysûndere teaterfestivals yn Europa. Sûnt de earste edysje yn 1982 is it festival útgroeid ta in wier fenomeen. Alle jierren yn juny is it Waadeilân tsien dagen it poadium foar teater, dûns, strjitteater, byldzjende keunst en muzyk. De foarstellings wurde spesjaal makke foar de bysûndere eilânlokaasjes, of se wurde dêrop oanpast. Fan grutte spektakels oant mime, fan yntym muzykteater oant hilaryske sirkusfoarstellings, fan Westerns oant ynteraktive ynstallaasjes: yn ‘e dunen, op it strân, yn ‘e bosk, op diken, yn skuorren en gewoan: op strjitte.

Mei alle wille nimme wy jimme mei nei de folgjende edysje fan it Oerolfestival, ûntstien út de passy fan ien man, ûnderwilens oerbrocht op tsientûzenen minsken dy’t oeral weikomme. It is fantastysk om mei sa’n soad besikers dy fassinaasje te dielen. Dy enerzjy bringt jierliks op ‘e nij hûnderten keunstners nei it eilân, dy’t troch de nijsgjirrigens fan alle besikers de romte fiele om nije dingen te kreëarjen, te ûndersykjen en te presintearjen.