Ynformaasje kaartferkeap

close

It program fertelt wat der allegear te dwaan is op it eilân. It stiet fol mei ferskate aktiviteiten. Klik op ‘e kategory dy’t dy ynteressearret: teater of ekspedysje. In spesifike dei selektearje kin ek, of in sub-kategory oanklikke. Ast op ‘Programma 2014’ klikst, dan komst wer werom by it oersjoch.

Freonen fan Oerol krije yn ‘e wike fan 12 maaie it programboekje oer de post.  

Yntreebantsje: dyn tagong ta it festival!

Hast online in kaartsje foar Oerol kocht? Dan krigest  in voucher tastjoerd dy’tst persoanlik yn ‘e fearboatterminal yn Harns en op it havenplein op West-Skylge omwikselje kinst foar in yntreebantsje.

Yn ‘e foarferkeap kostet in yntreebantsje € 20,-
Op it festival kostet in yntreebantsje € 25,-
Foar bern (1 o/m 11 jier) yn ‘e foarferkeap € 5,- en op it festival € 6,-

Oanfoljend ticket

Soms hast neist dyn yntreebantsje in oanfoljend ticket nedich om tagong te krijen foar foarstellings. Yn it programmaboekje werkenst dit oan it ticket-ikoantsje. Yn alle gefallen jildt dit foar teaterfoarstellings en de muzykoptredens yn it Bostheater. Ek foar de bern jildt dan in bernetaryf, as dat fan tapassing is.

Programmaboekje en online foarferkeap

It programmaboekje wurdt healwei maaie útbrocht. Dizze wurdt dan earst nei de Freonen fan Oerol stjoerd, foardat de foarferkeap foar Freonen begjint.

De reguliere foarferkeap begjint 27 maaie om 20:00 oere. Freonen fan Oerol hawwe dy wike derfoar al kâns om kaarten te keapjen: 20 maaie om 20:00 oere.

Kaarten foar foarstellings keapje op it eilân

Op it festival is de kaartferkeap op it festivalterrein de Westerkeyn. De kassa’s binne iepen fan 10:00 oere oant 22:00 oere. Op’e lêste snein is de Westerkeyn ticht. Op dy dei kinst dyn kaarten keapje op’e Betonning.

Kaarten retoernearje

Ferkochte kaarten en yntreebantsjes wurde net werom nommen. Utsûnderings binne foarstellings dy’t net troch geane, of wannear’t in foarstelling ôfbrutsen wurdt foardat de helte fan ‘e foarstelling dien is (bygelyks troch min waar). Yn dat gefal wurdt in spesjale retoer-kassa ynrjochte by de sintrale kassa op de Westerkeyn.