Wat is Oerol?

close

Oerol, in fenomeen!

It Skylger Oerolfestival is yn 1982 ûntstien út de passy fan ien man, Joop Mulder. In festival dat yntusken útgroeid is ta in ynternasjonaal fenomeen! It is fantastysk om de fassinaasje fan Joop mei tsientûzenen besikers diele te kinnen.

Jierliks feroaret it eilân Skylge yn juny tsien dagen lang yn ien grut poadium foar teater, dûns, strjitteater, byldzjende keunst en muzyk. Oerol hat alles yn hûs om dyn festivalsimmer ôf te traapjen. De earste simmersinne, in prachtich eilân, in fernijend teaterprogramma fol nasjonale en ynternasjonale teatergroepen en lekkere muzyk om tuskentroch efkes by út te rêsten of krekt op los te gean op ús festivalterreinen.

De teaterfoarstellings wurde spesjaal, faak op it plak sels, foar de lokaasjes makke, of dêrop oanpast. Efkes út ‘e skouboarch wei en op nei it strân, de dunen, de bosk, de skuorre, de dyk of gewoan op strjitte. Wêr’tst ek om dy hinne sjochst, der barre altyd moaie, rare of fernuverjende dingen.

 Oerol data

Oerol 2018      15 oant en mei 24 juny

Oerol 2019      14 oant en mei 23 juny

Oerol 2020      12 oant en mei 21 juny

Oerol 2021      11 oant en mei 20 juny

Oerol 2022      10 oant en mei 19 juny